Op foarearst de lêste dei fan dizze winter wie it sneon yn Hylpen in wier feest op it iis. Neist de leden fan de Ijsclub Hielpen, Aald Hielpen, de Landelijke Vereniging van Schoonrijders en it fiskwivenkoar Grietje Sprot kamen der ek minsken út Seelân, Spakenburg en Grinslân nei Hylpen en makken der in nostalgysk en folkloristysk iisfeest fan.
Sa'n fjirtich LVS-pronkriders en ferskate priksliders út Hylpen demonstrearren har keunsten. Troch de minne waarsfoarsizzing kamen der spitigernôch wat minder minsken op it evenemint ôf as ferwachte. It wie ien en al kleur en fleur op 'e Sylroede yn it sintrum fan de stêd. Waarme poeiermolke, muzyk en ek de bakker wie mei in slide fol bôle ûnderweis. |
Hylpen, 26 jannewaris 2013
|
Meer foto's van Aald Hielpen op Noarderljocht.com
In juli 2012 vierde de Folkloristische zang- en dansgroep Aald Hielpen haar honderdjarig bestaan. Ter gelegenheid van dit jubileum verschenen een tweetal boeken: |
|
Gemakkelijk zoeken op Noarderljocht.....
|