Abe GerlsmaBisten, Blommen en LânskipAbe Gerlsma (Frjentsjer, 1919- Frjentsjer 2012) is yn it foarste plak bekend wurden as skilder en etser fan Fryske lânskippen. Op de grutte eksposysje "Bisten en Blommen" yn Tresoar, it Fries Natuur Museum en Galery 'De Roos van Tudor', alle trije yn Ljouwert, wie yn it foarjier fan 2016 in oersjoch fan syn wurk te sjen. De measte wurken wiene noch nea earder útstald west. Yn 2019, it jier dat Gerslma 100 wurden hie, pakte Museum Martena út mei in grutte oersichtstentoanstelling fan syn libbenswurk. |
Abe Gerlsma, Frysk grafikus en keunstskilder. Njonken it skilderjen en etsen levere hy as wurktúchkundige in wichtige bydrage oan de moderne lânbou. Favorite ûnderwerpen fan Gerlsma binne it Fryske lânskip, it Waad, skippen blommen en bisten. Dernjonken hie it tsjinljocht him syb libben lang yn 'e besnijing.
|
|
Gemakkelijk zoeken op Noarderljocht.....
|