Op snein, 29 maaie, wie "Aald Hielpen" mei in grutte delegaasje yn it Suderseemuseum yn Inkhuzen. Ferskate groepen út it hiele lân, fan Seelân oant Volendam toanden ûnder oaren harren rouklean. Dat hie te krijen mei it tema fan it maaiewykein. Hundert jier lyn, yn de nacht fan 14 op 14 jannewaris 1916, waard Nederlân troffen troch in swiere stoarm. Grutte dielen fan Hollân mar bynammen it Suderseegebiet strûpten ûnder wetter. Sa'n 50 minsken ferdronken en de skea wie net te beskriuwen. Yn de tentoanstelling "Overspoeld" lit it museum sjen wat der yn 1916 barde.
Neist de kostúmsjo wie der ek folop romte foar dûns en muzyk. Ek de bern wiene yn kostúm en hawwe harren tige fermakke. Mear foto's fan "Aald Hielpen op Noarderljocht en fansels op de webside fan "Aald Hielpen". |
In byld fan in fiskersdoarp nei it hege wetter. Yn it Suderseemuseum. Mear oer de tentoanstelling "Overspoeld" op de webside fan it museum.
|
|
Gemakkelijk zoeken op Noarderljocht.....
|