By minskewitten hawwe de Seedyksters op it Waad fiske. Hunderten fiskers fan Harns tot foarby Peasens Moddergat wiene mei harren boatten op it wetter foar de bot, de skar en de hjerring.
Doe't de Ofslútdyk yn 1932 klear wie, kam der in ein oan de hjerringfiskerij. De fisk koe doe net mear op de ridden yn de Sudersee komme. Op Koehoal stiet no in monumint foar de hjerringfisker. |
Gjin moed fisket ek, giet in âlde sprekwize yn de fiskerswrâld. Dizze sprekwize is noch altiten aktueel. Nochal wat fiskers ferkeare ommers yn grutte ûnsekerheid oer de takomst fan har bedriuw. Dat wurdt feroarsake troch in grut oantal eksterne faktoaren, dy’t in grutte oanslach dogge op it fuortbestean fan har bedriuw. Fiskers hawwe faak it gefoel net mear begrepen te wurden troch de mienskip en sels mei de rêch tsjin de muorre te stean. Dêrtroch sakket harren de moed yn ‘e learzen. Gjin moed fisket noch altiten, hoelang noch?
foto op it ynformaasjeboerd op Koehoal. |
Hast rûnom oan 'e Fryske Waadkust, fan Swarte Hoarne oan't Surch waard oan de rigel fiske. Dit wie in lange rigel mei netten en fûken, dy't leadrjocht op de seedyk yn it wetter, en faaks yn it fierderop lizze fan de haaden.
It lange 'skud' fan wol in pear kilometer moast de hjerring, dy't yn 'e maaitiid nei de paaiplakken (ridden) yn 'e Sudersee luts, de fûken yn liede. De fûken, dy't it fierst de sé yn stienen, heinden de measte hjerring op. Om spul ûnder de fiskers fan de rigel foar te wêzen, bepaalde it lot op welk plak yn de rigel de fisker syn span (fan twa) fûken sette koe. Mei syn allen waard bepaald hoe't de rigel yn see del set wurde moast. De hjerring (en de oare fisk) yn 'e fûken fan it span wie fansels foar de fisker(s) sels, mar siet der in seehûn yn, dan moast dy mei de oare fiskers fan de rigel dielt wurde. De fisker dy't it bist fong, moast it ek berêde. It fet en de traan waard ferdielt. Beppe Jel fertelde, dat sy thús de hjerring en oare fisk ta makke. Dat sutele sy dan dernei op de bakfyts út. Moarns ier nei Harns, mar ek nei Arum en sa. "....As pake in salm yn 'e fûken hie, dan wie it feest. Ik ha yn Harns al ris ien foar tolf graue gûnen ferkocht...." Thús waard ek fisk rikke of yn 'e sinne droege: dat wiene de sinnefisken. Hjerring, skarkes of bot leine op 'e bleek yn de sinne of sy waarden oan in stik tou rige en dan yn in hûpe hongen. |
De hjerringfisker fan Koehoal waard hjir yn 2004 del set ta oantinken oan de fiskers fan it Fryske Waad. It waard makke troch Frans Ram út Hegebeintum.
In soad famylje fan Beppe Jel's kant (Jeltje van der Zee-Dijkstra) wiene waadfiskers, sa ek Pake Jelte, dy't wy noait kend hawwe. Hy ferstoar al yn 1944. Pake Jelte en Beppe Jeltje wennen doe op 'e wettermole tusken Tsjummearum en it Koehoal. Yn it hûs ûnder de hannen fan de fisker (foto hjirneist) wennen omke Gerrit (Boomstra) en tante Miene, suster fan Beppe Jeltje. Ek omke Gerrit wie fisker en wurke letter foar it wetterskip. Omke Foppe hie in boat by Roptasyl. |
Foarbij mar net fergetten, Tinzen gean noch faak tebek. Sjogge noch de âlde húskes It swarte hok mei ’t âlde stek. Jûns foar betiid moast de fisker Eagje oer it wiide Waad Dêr lei syn boat en stiene fûken, Yn’’e rigele,elk sym paad. Tôgje mei de sulv’ren hearrings, Binnen fol oer’t glysterich strân. Tuskentiids noch tige dwaande. Op in hoekje fruchtber lân Alles is feroare, De see is bleaun, de blauwe loft. It duorret mar in hoartsje. De tiid dy hâldt gjin skoft. It neiteam giet wer fierder. Ek it tôgjen dat is dien. Hjir en dêr driuwt noch in boatsje, De âlde fiskers binne gien. Gedicht fan Jan Haijes Westra, Tsjummearum, oanbrocht op it ynformaasjeboerd by it monumint.
|
It Zuiderzeemuseum, Enkhuizen, hat yn it begin van de santiger jierren de BAR51 fan Lammert Kzn Palma krigen. Troch brân, noch foar de iepening fan it museum, is dizze boat ferlen gien. Wol hawwe se der noch in boutekening fan de BAR 59. Dizze boat kaam op 26 July 1911 op namme fan Gerrit Bouma fan Seisbierrum. Yn 1924 waard de BAR59 ferkocht oan de firma J. Lichtendahl fan Harns.
Op de foto hjirneist de hûnekarre fan Lichtendahl. De foto is ek te sjen op de tentoanstelling '80 jaar visserij in Harlingen, yn it Hannemahûs oan de Foarstrjitte. |
|
Gemakkelijk zoeken op Noarderljocht.....
|