In moarntiid yn febrewaris, mei in blaue loft en in wite wale oer it gers. Op de plassen yn de trekkerspoaren op it maisfjild oan de Kaetsjemuoiwei binne de moaiste keunstwurkjes ferskynd. De sinne soarget der foar, dat se der net foar de ivigheit binne. Nei de kofje binne se al fuort.