Rinze de Vries (Seisbierrum, 1959) wurket as skoalmaster yn it foartset ûnderwiis. Neist dizze ynspirearjende 'hobby' is hy al sûnt de santiger jierren mei in kamera op paad. It binne net allinne mar fleantúgen en fûgels dy't foar de lens komme. Bynammen it grutte ferskaat oan lânskippen yn syn twadde thús, Skotlân, is in ûnútputlike boarne. Yn 2008 is dêr noch in lân bykommen: Nij Seelân. In grutte winsk is in (foto)reis fanút Nij Seelân nei Scott Base op Antarktika. As foarpriuwke earst yn augustus 2017 nei Spitsbergen.
Syn muzyk komt ek út Skotlân: Runrig, de 'nûmmer ien band' op it mêd fan de folkrock, of miskien is 'Skotrock' wol better. De band makket muzyk yn it Ingelsk, mar noch folle wichtiger, yn harren eigen taal, it Gaelic. De leafde foar Skotlân, Nij Seelân en de muzyk dielt hy mei syn Jetske.
Runrig - The Rewired Tour, Northern Meeting Park, Inverness, 25 August 2012
Saw the band for the very last time on the Farewell Tour at the Jyske Banken Box in Herning, Denmark on 23th June 2018. Runrig will stay in our hearts forever. Thanks guys for all the years !!