Twa kear deis is dit stikje Fryslân see, twa kear wurdt it lân. Achter de grutte dyk by it Koehoal sykje tûzenen fûgels harren iten, kokkels, wjirmen yn it slyk. By it ôfgean fan it wetter komt hjir en dêr komt it kwelderkrûd te foarskyn. Yn in pear oeren tiid hat de sinne har wurk dien en ûntsteane de moaste patroanen. Eltse dei binne der wer nije keunstwurken.