Yn de kwelder fan Noard-Fryslân Bûtendyks, efter de hege Deltadyk by Blije, leit sûnt ferline jier ‘de Terp fan de Takomst’. De terp is oars as de oaren sa 't wy dy yn it noarden fan Fryslân kenne. Net om op te wenjen of yn it gefal fan oerstreaming in drûch plakje te finen, lykas de terpen ea troch ús foarâlden opsmiten binne. Yn de iuwen foar it begjin fan ús jiertelling riisden de earste terpen op. Se groeiden stadich – fan lyts en leech, mei romte foar mar ien hûs, nei in brede en hege heuvel, in doarpsterp mei meast in tsjerkje yn ’e midden. Op de swiere houten peallen lizze twa grutte houten ringen. Dizze ringen symbolisearje it houlik tusken lân en see, tusken minske en natuer.
|
|
Gemakkelijk zoeken op Noarderljocht.....
|