Hjerst yn de Trynwâlden. It wetter fan de Swarte Broek is noch as in spegel. De kij yn 'e dize fan it Bûtenfjild en de wyte ielreagers dy't harren plakje yn de Bouwe Pet fûn hawwe. Moarns betiid, krekt nei it opkommen fan de sinne, sitte je der midden yn it paradys.