Twa tsjerken yn 'e Trynwâlden binne sneons oant en mei 13 septimber fan 13.30 - 17.00 oere iepen foar de eksposysjes fan wurk fan Lammert Agema (Paulustsjerke yn Aldtsjerk) en fan Hylkje Korporaal (yn it Readtsjerkje fan Readtsjerk).
Hylkje Korporaal
Lammert Agema
Sekuer en mei detail tekent hy oer de natuer en it libben fan hjoed de dei. Agema is tekenaar, mei inketpen en potlead mar ek yn kleurkryt, akwarel en ets.
Lammert Agema: “Wat my foaral boeit is it delsetten fan waarnimmingen mei pinne en inket fan alle mooglike yndrukken út de taastbere natuer. Mei dizze kar fan ‘wurk’ besykje ik op myn manier oan te jaan, dat der folle mear is om ús hinne as wat wy allegearre út gewoante waarnimme. ”
Ljip op aaikes, Lammert Agema
Blije, Noard-Fryslân, Lammert Agema
Lammert Agema
Readtsjerkje, Lammert Agema
Lammert Agema
Art Quilt - Hylkje Korporaal
Yn it Readtsjerkje eksposeart Hylke Korporaal har wurk. Tal fan Art Quilts mei mixed-media oer tal fan ûnderwerpen, fan lânskippen van de Wadden, Skandinavië oant Nij-Seelân ta. It wurk 'Genôch', makke nei oanlieding fan de ramp mei de MSC Zoe foel koartlyn noch yn de prizen op de Art Quilt "Grenzen aan de Groei" yn Rijswijk.
Hylkje Korporaal
Genôch, Hylkje Korporaal
De Pancake Rocks oan de westkust fan Nij-Seelân, Hylkje Korporaal