De pear winterse dagen healwei febrewaris hat tal fan winterske plaatsjes opbrocht. Wat is der moaier om op sa'n hearlike winterdei op it Waad te wêzen. It waad en de Peazemerlannen binne eins ek op alle oare dagen fan it jier mear as de muoite wurdich, mar mei in tekkentsje fan snie en iis yn it wetter, kin it hieledal net mear stikken....
In skrale wyn út it easten makket it iiskâld. By it wetter oan de râne fan de Peazemerlannen sykje fûgels as de Mients (Kanoet yn it Nederlânsk) Strânljip(Scholekster) en Stienpikker (Steenloper) nei iten. Fjirderop boppe it iepen wetter fleane kloften seefûgels. Yn de fjirte leit Skier.
|
|
Gemakkelijk zoeken op Noarderljocht.....
|