Fryslân brûst.....Wy hawwe hjir in soad te bieden op it mêd fan keunst en kultuer. Us lytse lân prottet út fan 'e museums, elts doarp hat wol mear as ien keunstner. Der binne tal fan keunsttentoanstellings, der is musyk en tink ek mar ris oan al dy iepenloftspullen yn 'e simmer..... Oerol op Skylge, Open Stal en noch folle mear.
|
Sjoch hjir foar keunst bûten de provinsje |
Op it Amelân binne tal fan lokaasjes ynrjochte mei keunst... fan Sier aan Zee by Hollum oan't de Kooiduinen. Kunstmaand Ameland is noch oan't en mei 30 novimber. It wurk hjirneist is fan Johan Meeske en is te sjen yn Sier aan Zee, oan de Oranjeweg yn Hollum.
Lânskip, Johan Meeske. Foto: Johan Meeske.
|
Ynkoarten iepenet yn it Fries Museum in solottoanstelling fan Semâ-Bekirović (1977, Amsterdam) mei dêryn wurken, makke binne troch net-minsklike keunstners. By it oprêden fan 'e skuorre kamen in pear ferlerne ierappels foar it ljocht, dy 't harsels transformearre hiene yn wiere keunststikken. Sjoch hjir foar de kommende tentoanstelling yn it Fries Museum.
|
Sa sille in soad minsken, dy 't it ea sa mei eigen eagen seagen, it Fryske lânskip sjen wolle. It Fries Landbouwmuseum yn Ljouwert lit dat lânskip sjen. Ien kear bûten de doar stapst wer yn de werklikheid. Oan 'e iene kant de oprukkende stêd, efkes fierder yndustriële feehâlderij en dairykampus. De eksposysje Schilders van het Friese Landschap is oant 31 oktober te sjen.
|
In Museum Sorgrager in Hollum een overzicht van een deel van het werk van de in Nes geboren Amelander kunstenaar Tames Oud. Tegelijkertijd is er een tentoonstelling in Museum Belvédère, Heerenveen-Oranjewoud.
Museum Belvédère t/m 24 september 2023 Museum Sorgdrager t/m 23 oktober 2023 |
Yn de perioade tusken 1937 en 1975 strutsen in soad byldzjende keunstners yn St. Ives, oan de kust fan Cornwall, del. Sy lieten har net liede troch de lêste artistike of maatskiplike ûntjouwingen fan har tiid, sa 't te dwaan gebrûklik wie. Krekt it iuwenâlde lânskip, de see en de ferbûnens tusken de pleatslike befolking en har omkriten foarme de reade line yn har wurken. Sjoch hjir foar mear.
Hjirneist: 11 Novimber 1947 (Mousehole), Ben Nicholson.
|
Yn 2021 waard foar de jubileum-edysje fan de Keunstmoanne op it Amelân in kar oan nasjonale en ynternasjonale keunstners útnûge. Klik hjir foar in oersjoch fan (hast) alle oare Keunstmoannen.
|
Oant en mei 19 jannewaris 2020 toande de toanoanjaande Draiflessen Collection yn it Dútske Mettingen in tweintichtal lânskippen fan Jan van der Kooi en Rembrandt. Sjoch ek op de side fan Jan van der Kooi.
|
Fan 5 oant en mei 29 oktober is yn Ljouwert it FryslânPhoto Festival. Op 8 plakken yn 'e stêd litte fotografen harren wurk sjen. Mear op FryslânPhoto.
|
Yn it Fries Museum wie koartlyn de grutte oersjochtentoanstelling fan it wurk fan Laurens Alma-Tadema.
Mear ynformaasje op de side fan it Fries Museum en Leighton House. |
Nei oanlieding fan de takenning fan de Gerrit Benner Priis 2015 oan Sjoerd de Vries (Aldehaske, 1941), toant it Fries Museum oant 28 febrewaris 2016 wurk fan Sjoerd de Vries yn kombinaasje mei dat fan tiidgenoaten, ynspiraasjeboarnen en persoanlike foarkarren. Museum Belvédère yn It Hearrenfean-Oranjewâld komt yn it neijier fan 2016 mei in grutte oersjochtentoanstelling, basearre op in yngeande ynventarisaasje fan it oeuvre, wêrtroch’t net earder toand wurk te sjen wêze sil.
|
Fan besteande foarwerpen makket Machiel Braaksma (Bartlehiem, 1959) nije kreaasjes en betsjoenende assemblaazjes. Fiif jier die er oer it meitsjen fan syn nije keunstnersboek Harrekrammele. In Frysk- en Sineesktalich sjoch- en lêsboek foar folwoeksenen en bern. De tentoanstelling mei deselde namme presintearret it boek, útfergrutte printen en in oantal fan de makettes dy’t de keunstner dêrfoar makke. Harrekrammele is te sjen fan 26 septimber 2015 oant en mei 14 febrewaris 2016 yn it Fries Museum yn Ljouwert.
|
Sjoch hjir foar mear oer de Noorderlicht foto tentoanstellingen yn Ljouwert en omkriten.
|
|
Gemakkelijk zoeken op Noarderljocht.....
|