Miskien dat de measte minsken nei it Hilgelân komme foar de 'Lange Anna', de grutte 47 meter hege reade rots oan de noardwestkant fan it reade eilân. De Hilgelanners kinne de rots as Nathurn Stak ('Noarderlike Staach'; yn it Ingelsk wurdt sa'n brâningspylder in 'sea stack' neamd). Neist de geology komme de minsken de lêste jierren ek foar de Ginten, dy't hjir heech op de reade sânstien briede, Sûnt it begjin fan de jierren '90 is de Gint hjir briedfûgel.
|
De Nathurn Stak, 'Lange Anna', op it Hilgelân.
|
|
Gemakkelijk zoeken op Noarderljocht.....
|