JektefartWinter Waad100 jier WoudagemaalIislânSydney's Fiskmerke |
Wolkom op Noarderljocht ! Noarderljocht is de namme fan myn fotoside. Myn camera is sûnt jierren in fêste reismaat op tochten troch Skotlân en Nij-Seelân. Dizze twa bysûndere lannen binne, mei ús eigen Fryslân, in wier paradys foar fotografen.... as it no giet om de lânskippen, natoer of kultuer. Op Noarderljocht steane, neist in seleksje fan yn dizze fassinjearjende lannen makke foto's, ek tal fan oare ûnderwerpen..... fan fleanmasines oan't fulkanen. In nije fotoreportaazje is makke nei oanlieding fan de tentoanstelling 'Het Verhaal van de Totempaal' yn Museum Volkenkunde yn Leien: Kanadeeske Indianen, mei foto's fan de 'Namgis en de Nuxálk folken út British Columbia. Nije foto's út Nij-Seelân, mei ûnder oaren fan Whakaari (it Wyte Eilân) en fan de fulkanen yn de Tongariro op 'e side set. Ek de fulkanen wiene wyt... fan 'e snie. Oan de oare side fan de Tasman hawwe wy foto's fan Sydney en de Blue Mountains. Sjoch ek de foto's van Spitsbergen, makke op ús reis mei de Antigua. Yn de simmer fan 2018 wiene we op Iona en Staffa. Op in moaie winterdei yn jannewaris efkes te pierewaaien op Skier. Yn maaie ha wy de Ginten op it Hilgelân besocht. Nij binne ek de winterfoto's fan it Waad en de Kaetsjemuoiwei, Rinze de Vries, Mûnein, Fryslân, april 2021 |
|
Gemakkelijk zoeken op Noarderljocht.....
|